MBO bliid mei ekstra jild
De Fryske MBO-skoallen binne tefreden oer de 250 miljoen euro dy't ûnderwiisminister Bussemaker ekstra yn it middelber beropsûnderwiis stekt. As tsjinprestaasje wol se dat de skoallen it nivo fan it ûnderwiis ferheegje en learlingen better tariede op in baan yn it bedriuwslibben.
Foarsitter Sjouke Tuinier fan ROC Friese Poort is tefreden mei de ekstra beleanning, mar dy moat gjin driuwfear wêze om goed ûnderwiis te jaan. Soks moat alle dagen dien wurde, is er fan betinken.
It ekstra jild foar de MBO's komt yn 2015 beskikber. Takom jier wurde ôfspraken makke oer de ferdieling fan de 250 miljoen euro.