Protest oldtimers yn Den Haag

Oldtimerriders protestearje moandei yn Den Haag tsjin de nije belestingregel. Foar auto's dy't noch gjin fjirtich jier âld binne, moat fan jannewaris ôf ek gewoan wegebelesting betelle wurde. Foarhinne wie dat fan tritich jier ôf.
Ut Fryslân wei is in groep auto's ûnderweis nei it Binnenhof yn Den Haag om dêr in petysje oan te bieden. Ta de Fryske dielnimmers hearre de leden fan Mercedes-Hannomag-kemperklup Dubbellucht. Neffens foarsitter Marja Bergs fan de klup moat acht fan de tsien leden aansen folle mear betelje.
Om sawat seis oere sil Wouter van Embden fan Stichting Autobelangen in petysje mei goed 16.000 hantekenings oerlangje oan de Earste Keamer. It belestingplan fan 2014 wurdt dêr moandei en tiisdei besprutsen.