Tolfde ferlies foar De Jouwer

Hikkesluter De Jouwer hat snein mei 3-0 ferlern fan Hoogeveen. Nei in lyts healoere kaam de ploech fan trainer Wieb Rodenhuis yn Hoogeveen op efterstân. It thúspublyk moast lang wachtsje op de twadde Hoogeveenske treffer. Pas yn de 79e minút kaam de thúsploech op 2-0. Dêrmei wie it ferset by de Jousters brutsen en koe middenmoater Hoogeveen yn de slotfaze maklik útrinne nei in romme oerwinning.
De Jouwer stiet mei 3 punten út 13 wedstriden noch altyd stiif ûnderoan yn de sneinshaadklasse C.