Skoalle te keap foar 1 euro

De âlde skoalle De Haven yn Tsjummearum stiet te keap foar 1 euro. Eigener Wonen Noordwest Friesland wol fan it gebou ôf, omdat it net mear brûkt wurdt. It is oant no ta lykwols net slagge om in nije bestimming foar de fertutearze skoalle te finen. Troch it gebou te ferkeapjen foar in lyts pryske wolle se de skoalle in nije takomst jaan.
De nije eigener moat dan wol tasizze dat it gebou opknapt wurdt. De kosten fan dy opknapbeurt wurde rûsd op 25.000 euro.
Doarpsbelang Tsjummearum is wiis dat der lang om let wat barre sil mei it âld skoalgebou. Se hoopje sa in ûndernimmer te finen dy't it gebou keapje en opknappe wol. En dat lêste is hiel wichtich. It gebou út de jierren 20 is de ôfrûne jierren bot fertutearze rekke en it driget in saneamde 'rotte kies' te wurden.