Skylge: bestjoer kostet tonnen

Gemeente Skylge
Sykte en ûntslach fan de boargemaster, in wethâlder en de griffy kostet de gemeente Skylge dit jier mear as 5 ton. De grutste kostepost, mear as 4 ton, komt fan de twa ûntslachútkearings foar boargemaster Jurrit Visser en wethâlder Jort Spanjer. Beiden hawwe yn ferbân mei sykte ûntslach naam. Oare kosten binne ekstra leankosten en húsfesting fan de nije kolleezjeleden.
Visser is ferfongen troch waarnimmend boargemaster Rob Bats en steatelid Irona Groeneveld hat it plak fan Spanjer oernommen as wethâlder.