Grienwurk by gemeente sels

De gemeente Achtkarspelen wol de útfiering fan de grienfoarsjenning yn de gemeente flugger by Caparis weihelje. It plan is om per 1 jannewaris 2015 it grienwurk sels te regeljen. Minsken dy't dan ûnder de wet sosjale wurkfoarsjenning falle komme dan net mear fia Caparis yn de grienfoarsjenning, mar direkt fia de gemeente.
Achtkarspelen rint hjirmei foarút op de Partisipaasjewet. Ek is de ferwachting dat de maatregel in besuniging fan in ton opleverje sil. Achtkarspelen is, nei Weststellingwerf, de twadde gemeente dy't dit sa regelet.