Moardfertochte bliuwt yn sel

© Omrop Fryslân
De frou út Boxmeer dy't fêst sit foar belutsenheid by de dea fan har man yn 2012 bliuwt foarearst noch fêstsitten. It stel wenne doedestiids yn Frjentsjer. De frou wurdt ek fertocht fan oplichting. De riedkeamer hat har foararrest tongersdei mei 90 dagen ferlinge.
De frou bliuwt yn beheining fêstsitten. Dat betsjut dat sy allinne mei har advokaat en de plysje prate mei. Om dy reden wurde wol justysje foarearst gjin neiere meidielings dwaan oer de saak.