Betelje foar bosk fan Ypey
Stichting Op Toutenburg wol entree heffe foar park Vijversburg, ek wol bekend as de bosk fan Ypey. Se wolle sa jild binnenhelje foar it ûnderhâld fan it park. Oant no ta wie de bosk fergees tagonklik. Vijversburg is yn hannen fan in ûnôfhinklike stifting.
De stifting fergeliket it park mei in swimbad; dêr betelje je ek jild foar. Park Vijversburg wurdt op it stuit útwreide. Dat soarget foar hegere kosten. Dy kosten wurde subsidiearre troch de gemeente Tytsjerksteradiel.