Bysûndere troudatum
Woansdei hat in bysûnder datum: 11-12-'13. It is de lêste bysûndere troudatum fan dizze ieu, as it om sifers giet. Yn Boarnsterhim is om 16 sekonden oer 14.15 oere it houlik tusken de Jeninga's sletten. Dit houlik wie miskien wol dûbel sa bysûnder. Want it is ien fan de lêste houliken sletten yn de gemeente Boarnsterhim foar de weryndieling. En foar frou Kalsbeek wie it as amtner fan de boargerlike stân nei 450 pearkes de lêste kear.