Feanster driget mei mes

De plysje hat tiisdeitemiddei in man fan 29 jier fan it Hearrenfean oanhâlden omdat er mei in mes minsken bedrige hawwe soe. De plysje krige in melding fan rûzje by in skoalle oan de Abe Lenstra Boulevard. De fertochte hie dêr spul mei in 22-jierrige plakgenoat. Der waard treaun en lutsen, en der kamen mear minsken by te stean. De fertochte krige dêrop syn mes en drige dêrmei. Hy is meinommen en kin in proses-ferbaal ferwachtsje.