Gemeenteried Ljouwert wol LEO

In grutte mearderheid fan de Ljouwerter gemeenteried kiest foar in nije lokale omrop en net foar it besteande Mercurius. It nije inisjatyf ûnder de namme LEO krijt de foarkar fan de PvdA, it CDA, Pal GrienLinks, D66, FNP en ChristenUnie. Dat die moandeitejûn bliken by de behanneling yn de riedskommisje.
De gemeenteried moat der noch wol offisjeel oer beslute. Dat beslút giet as advys nei it Kommissariaat foar de Media dat sizze moat wa't de lokale omrop fan Ljouwert wurdt.