Woarst populêr yn Rânestêd
Woarst fan Skotske heechlanners út it Lauwersmargebiet ferkeapet it bêste yn it westen fan Nederlân. Yn Fryslân hie woarstmakker Weidenaar út Dokkum der wat mear fan ferwachte, mar de Friezen ite it leafst de eigen droege woarst fan bargefleis. Dy is ek goedkeaper.
Yn de Rânestêd is Skotskeheechlannerwoarst in delikatesse. It ekologysk ferantwurde karakter fan de woarst docht it dêr ek goed. Dêr wurdt it foaral ferkocht troch ekowinkels. Der wurdt oan wurke om de woarst ek yn oare winkels yn it Westen te ferkeapjen.