Fiif sponsors foar Derek

It bekende draafhynder Derek Buitenzorg krijt mei yngong fan 1 jannewaris 2014 stipe fan fiif sponsors. Alle sponsors tekenje in kontrakt foar trije jier. Troch de sponsoring is de finansiering fan de training fan Derek Buitenzorg foar de kommende jierren fersekere. Stichting Derek Buitenzorg, de eigener fan it hynder is hjir tige wiis mei. De stichting libbe oant no ta hielendal fan frijwillige bydragen fan donateurs.
Haadsponsor wurdt Eisma Horsesmedia út Ljouwert.
De fjouwer subsponsors binne: Van der Let & partners BV fan It Hearrenfean, notaris Slagman fan Ljouwert, Ekwadraat Group út Ljouwert en Smaragd Security út Drachten. De kontrakten foar de sponsoring wurde op 9 desimber tekene yn it hûs fan de pikeur en trainer fan Derek Buitenzorg, Arend de Wrede.
Derek Buitenzorg waard yn 2011 fan de slacht rêden troch de leden fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân mei in pear fan harren freonen. Dêrnei folge in lange perioade fan training dy't begjin septimber 2013 einige mei it debút fan Derek op de drafbaan fan Wolvegea. Sûnt dy tiid hat Derek al ferskate prizen wûn. Alles wat Derek belibbet is te folgjen yn ferskate media werûnder Omrop Fryslân. Foar donateurs wurde regelmjittich eveneminten organisearre. Derek is ek te finen op Facebook, Twitter en YouTube.