Frou fertocht fan dea man

In 52-jierrige frou út de gemeente Boxmeer wurdt fertocht fan belutsenheid by de dea fan har man yn 2012. It stel wenne doedestiids yn Frjentsjer. Ek wurdt de frou fertocht fan oplichting. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandei befestige. De frou is twa wike lyn al oppakt. De fertochte sit fêst 'yn beheining'. Dit betsjut dat se allinnich mei har advokaat kontakt hawwe mei.
No woansdei wurdt besletten oft de âld-ynwenster fan Frjentsjer op syn meast 90 dagen langer fêstsitten bliuwt.