Plysje:set juwielen op de foto

De plysje riedt minsken oan har kostberheden lykas juwielen goed te fotografearjen en te dokumintearjen. Ynbrekkers kieze de lêste tiid leaver foar sieraden as foar kompjûters. Omdat kompjûters maklik te trasearjen binne mei help fan saneamde track & trace-programma's litte ynbrekkers dy leaver stean.
It ôfrûne wykein is yn Fryslân yn 14 huzen ynbrutsen yn Drachten, Ljouwert en op It Hearrenfean. Neffens de plysje wie dit nei alle gedachten it wurk fan in binde.