Rekôrpoging langste konsert

Under de namme Serious Record set Ljouwert de oanfal yn op it wrâldrekôr fan it langste konsert ea. Yn totaal moat der oant 21 desimber troch hûnderten bands 363 oeren achter elkoar muzyk makke wurde. Dan wurdt it rekôr fan in kafee yn Amearika mei trije oeren ferbrutsen.
De optredens fine plak op trije plakken yn de stêd, De Harmonie, Poppoadium Romein en Podium Asteriks. De opbringsten fan ûnder oare it tagongsjild binne foar Serious Request. Serious Record is in inisjatyf fan D'Drive, de skoalle foar kreative yndustry, Romein en Asteriks.