Russen by Da Vinci Yachts

De Fryske boatebouwer Da Vinci Yachts yn Snits sjocht kânsen op de Russyske merk. Sneon komt der in delegaasje út Ruslân nei it bedriuw ta om te sjen wat se te bieden hawwe.
De Russen gean by tsien bedriuwen yn Nederlân del. Da Vinci Yachts is net hielendal ûnbekend mei de Russyske merk. Se ha yntusken al twa boaten ferkocht oan Russen.