Gerrie yn heale finale TVOH
Gerrie Dantuma út Stiens is wer in ronde fierder yn de talinteshow 'The Voice of Holland'. De 29-jierrige sjongeres út it team fan Marco Borsato song freedtejûn yn de Liveshow it ferske 'Unconditionally' fan Katy Perry .Dantuma, dy't earder dy dei by de repetysje noch fan it poadium fallen wie, koe wer rekkenje op de stimmen fan de Friezen. Der binne no noch acht kandidaten oer. Neist Gerrie sit allinnich Julia van der Toorn noch yn it team fan Borsato.