Ljouwerter (64) oerfallen

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer de oerfal fan tongersdei op in 64-jierrige ynwenner fan Ljouwert. De bewenner fan de Tweede Koestrjitte waard tsjin seizen bedrige mei in wapen of eat dat op in wapen like. By de oerfal waard de klûs fan de man meinaam. Wat dêryn siet, is net bekend makke.
De plysje siket no minsken dy't mear fertelle kinne oer in auto, dy't parkeard stie yn de buert fan de oerfal. De man rekke by de oerfal ferwûne, omdat er skopt en slein waard.