Twa ferwûnen by botsing N359

By in ûngelok op de N359 by Hichtum binne tongersdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. De slachtoffers wiene belutsen by in kop-sturt-botsing. Beide bestjoerders binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht foar behanneling.