'University Campus yn de stêd'
De University Campus Fryslân moat sa gau mooglik in fysyk plak krije yn de stêd. Dat seit bestjoerder Frans Zwarts fan de University Campus. Neffens him is de Fryske universiteit no sa goed as ûnsichtber. Dat makket it lestich om út te lizzen wat de University Campus is en wat dy docht. Zwarts lobbyt al langer achter de skermen foar in eigen gebou.
Hy hat dêrfoar de Kânselarij op it each en tinkt dat de kâns grut is dat dat slagget, ek al is der gjin jild foar beskikber. Zwarts ferwachtet lykwols begjin takom jier in beslút.