Heechterp earmste wyk yn 2011
De Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen wie yn 2011de earmste wyk fan Nederlân. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS).
Yn Heechterp libbe 25,6 prosint fan de minsken yn dat jier ûnder de earmoedegrins. Benammen ûnder bern is de earmoede bot tanommen.