Den Helder te sterk foar Aris
Aris is der net yn slagge de minne prestaasjerige yn de útwedstriid tsjin Den Helder om te bûgen. De Ljouwerter basketballers ferlearen mei 80-70. It ferskil tusken beide ploegen wie net grut, mar Aris koe de oprûne efterstân fan it earste kwart (22-17) nea goedmeitsje. Healwei de wedstriid wie it gat noch fiif punten: 41-36. Nei 21-19 en 18-15 wie it ferskil tsien punten.