D66 wol lytse wynparkjes

Wynturbines © ANP
De losse wynmûnen by Fryske doarpen moatte ôfbrutsen wurde en in plak krije yn in lyts wynpark. Dat fynt D66 yn provinsjale steaten. Wynmûnen moatte safolle mooglik eigendom wêze fan de Fryske befolking en bedriuwen. Sy moatte meidwaan by it pleatsen, it behearen en meidielen yn de opbringst.
D66 hat in alternatyf plan opsteld yn reaksje op de ûnrêst oer de fjouwer grutte wynmûneparken dy't deputearre steaten wolle. D66 wol dat omwenners kompensearre wurde foar lûdsoerlêst en it slachskaad. Der moatte gjin mûnen komme by de Iselmar.