Lestige Drachtster oppakt

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat freedtenacht mei help fan in plysjehûn, in wapenstôk en pepperspray in 30-jierrige Drachtster oppakt. De man hie op de Noardkade in plysjeman misledige omdat er in pear moannen earder in boete jûn hie oan in kunde fan him. By de oanhâlding wiene ek noch inkele omstanners dy't harren dermei bemuoiden.