Tsien jier foar dea Snitser

© Omrop Fryslân
Tsjin in 26-jierrige Snitser fan Somalyske ôfkomst is freed tsien jier selstraf easke. De man wurdt derfan fertocht in 28-jierrige steds- en lângenoat om it libben brocht te hawwen. Dy waard dea fûn yn it hûs fan de fertochte.
Neffens it iepenbier ministearje hat de fertochte it slachtoffer bewust stutsen mei in mes. De fertochte sels seit dat er it mes besocht ôf te pakken fan it slachtoffer, doe't dy him dêrmei oanfoel, en dat it slachtoffer doe yn it mes foel. De útspraak is oer twa wiken.