Hearrenfean sûnder Finnbogason
Sportklup Hearrenfean kin sneon opnij net beskikke oer Alfred Finnbogason. De Yslanner is noch net better fan syn blessuere oan syn boppeskonk en moat de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles misse. De kâns is grut dat Hearrenfean mei deselde oanfal begjint. Dat soe betsjutte dat Luciano Slagveer yn de spits stiet en Bilal Basacikoglu op rjochtsbûten.
Trainer Marco van Basten kin ek net beskikke oer Joey van den Berg. De oanfierder fan Hearrenfean is skorst troch syn reade kaart fan ferline wike tsjin PSV. Eikrem of De Kamps sil him ferfange.