Beneaming direksje giet troch
It opstappen fan Wiebe Wieling as foarsitter fan it stiftingsbestjoer fan SC Hearrenfean is spitich, mar hoecht gjin fertraging op te smiten by it oanstellen fan de nije direksje. Dat seit Jos Vaessen yn reaksje op it beslút fan Wieling om de eare oan himsels te hâlden, no't de rest fan it stiftingsbestjoer him net stipet by syn plan.
Neffens Vaessen kin it stichtingsbestjoer it advys fan de UR njonken har dellizze sûnder dat soks foar problemen soarget. Vaessen wie mei Lenze Koopmans formateur fan it nije bestjoer.
Vaessen seit it 'komysk' te finen dat de ûndernimmingsried in negatyf advys jout oer alle sân leden fan de one-tier board. Dêr wie earder yn de proseduere neat fan te fernimmen, neffens Vaessen. Mei Lense Koopmans wie Vaessen formateur fan de nije bestjoersstruktuer fan Sportklup Hearrenfean nei it opstappen fan Robert Veenstra as direkteur. Anne Hettinga nimt foarearst de funksje fan Wieling oer. Hy wol earst mei ûndernimmingsried en personiel om tafel, foardat er kommentaar op de ûntstiene situaasje jaan wol.