Gemeente ferliest op grûn

Frjentsjerteradiel hat in strop fan 2,5 miljoen euro troch ferlies op de keap fan 30 bunder grûn foar de realisaasje fan Kie 2. Foar de oanlis fan dit nije bedriuweterrein yn Frjentsjer hat de gemeente yn 2007 mei in grûneigener ôfpraat de grûn op syn lêst foar de ein fan 2013 oan te keapjen. Troch de minne ekonomy is der lykwols gjin fraach nei de bedriuwsgrûn, mar de gemeente wol har hâlde oan makke ôfspraken en dizze keapje foar hast 3,8 miljoen euro.
Dat wylst de grûn foarearst net brûkt wurdt en in wearde fan 1,3 miljoen euro hat.
De gemeenteried wurdt foarsteld it tekoart fan 2,5 miljoen euro út de reservepot foar grûnoankeapen te heljen.