Reboelje om iismaster

De Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden woe begjin novimber ôf fan iismaster Jan Oostenbrug. De reden dêrfoar lei neffens Oostenbrug yn it feit dat hy èn foarsitter is fan it Fryske Iisbûn èn iismaster fan de Alvestêdeferiening. De Alvestêdeferiening soe bang wêze dat Oostenbrug as foarsitter fan it iisbûn de alvestêde-gekte noch grutter makket, wannear't hy yn de media meidielings docht oer iisdiktes. Nei ôfrin fan de gearkomste ôfrûne sneon hawwe de rayonhâlden protestearre by foarsitter Wiebe Wieling en is it beslút weromdraaid.
De Alvestêdeferieining befêstiget dat in bestjoersbeslút nommen is om de feriening en it iisbûn bestjoerlik út inoar te heljen. It bestjoer wie dêr unanym yn, ek Oostenbrug dy't diel útmakket fan it bestjoer, gie akkoart. In wurdfierder fan de feriening lit witte dat der noch gjin definityf beslút nommen is oer it útinoar heljen fan de organisaasjes en de posysje fan Oostenbrug. De feriening ferwachtet nei de winter in definityf beslút te nimmen.