Kânsen noardlike enerzjysektor
De enerzjysektor yn it Noarden hat wol kânsen foar fierdere groei mar dan moat der wol gearwurke wurde mei oare partijen. En dat net allinnich yn Nederlân mar ek yn it bûtenlân. Dat wie it boadskip tiisdei op in seminar yn Grins ûnder de titel 'hoe feroverje ik de wrâld mei myn enerzjy?'
De enerzjysektor soarget op dit stuit foar in flink tal banen. Mar om sûn te bliuwen is ynternasjonalisaasje en gearwurking in 'must' fynt professor Frank van Oort, ien fan de sprekkers yn Grins.
Syn miening waard ûnderskreaun troch Gerrit van Werven, direkteur fan Energy Valley, it gearwurkingsferbân fan fjouwer noardlike provinsjes, en troch Douwe Faber fan it Fryske bedriuw Ekwadraat. Faber foarsjocht yn de kommende fiif jier in enerzjyrevolúsje troch de flugge foarútgong dy't oeral yn de sektor helle wurdt.