Gjin jild foar Lemster slûs

Der is foarearst gjin jild foar de slûs fan De Lemmer. Dat hat minister Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer sein yn de Twadde Keamer. It jild soe komme moatte foar de útwreiding fan de kapasiteit fan de Lemster slûs. Dat is neffens CDA-er Sander de Rouwe nedich omdat it dêr no al drok is, en mei de ferwachte taname fan ferfier oer it wetter sil dat allinnich mar mear wurde.
Schultz van Haegen sei dat der op har begrutting gjin jild foar De Lemmer reservearre is. Net earder as yn 2027 kin de kapasiteit útwreide wurde, sei de minister.