Sifer foar middelbere skoalle
Twa middelbere skoallen yn Frjentsjer litte opmerklike ferskillen sjen yn in ûndersyk dat útfierd is troch ûnderwiissosjolooch Jaap Dronkers. It Anna Maria van Schurman krige twa tsienen, wylst it Simon Vestdijk yn deselde stêd it mei twa fjouwers en in fiif dwaan moast.
Dronkers hat alle middelbere skoallen yn Nederlân sifers jûn. Hy hat ûndersocht hoefolle kennis en feardichheden oft learlingen hawwe. De sifers waarden ôfrûne wykein bekend makke.
De oare Fryske skoallen dy't in tsien krigen hawwe fan Dronkers stean yn Drachten (Liudger), Boalsert (Marne Kolleezje), It Hearrenfean (Sevenwolden en Groen), De Jouwer (Sevenwolden), Surhústerfean (Singelland), Bûtenpost (VMBO Grien), Ljouwert (VMBO Grien) en St. Anne (Ulbe van Houten).
Mar leafst sân Fryske skoallen hawwe in tsien helle yn it lanlik skoalûndersyk fan ûnderwiissosjoloog Dronkers. It oersjocht wurdt alle jierren publisearre yn de Volkskrante. It is foar guon âlden in ynstrumint yn it kiezen fan in nije skoalle foar de bern.