Wer winst follybalsters Snits

De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn de sânde oerwinning fan it seizoen pakt troch mei 3-1 te winnen fan Set Up. Yn de eigen sporthal begûnen de froulju fan trainster Petra Groenland lykwols rommelich oan de wedstriid. De Snitsers rûnen achter de feiten oan en ferlearen de earste set mei 25-20. Yn de twadde set wienen de rollen omdraaid en pakte Snits de winst oertsjûgjend mei 25-10. Ek de tredde en fjirde set gongen nei de Snitser froulju mei 25-19 en 25-22.
De follybalfroulju fan Snits steane mei 19 punten út 8 wedstriden op it twadde plak yn de Dela League earedivyzje. Snein 1 desimber nimme de Snitsers it yn Grins op tsjin de nûmer lêst Lycurgus.