Krisis ek op houliksmerk

De moaiste dei fan ien syn libben mei tsjintwurdich wol wat minder kostje. Troch de krisis sjogge stellen op de houliksdei mear nei de kosten as foarhinne. Op de breidsbeurs snein yn Ljouwert fernimme ûndernimmers yn de troumerk dat. Breid en brêgeman kieze noch wol foar in taart, klean en ringen, mar yn trochsneed jout in houlikspear hûnderten euro's minder út as earder.
Ut ûndersyk docht bliken dat de lêste jierren minder troud wurdt en ek dat breid en brêgeman âlder binne se as trouwe.