Cambuur wint fan NEC
Cambuur hat sneon de degradaasjewedstriid tsjin NEC mei 2-1 wûn. In fertsjinne oerwinning foar de Ljouwerters, dy't benammen yn de earste helte moaie kânsen lizze lieten. Mohammed El Makrini sette Cambuur yn de 33e minút op in 1-0 foarsprong. Comboy makke 4 minuten letter de lykmakker foar NEC. Yn de twadde helte koe Marcel Ritzmaier úteinliks yn de 71e minút mei in moai skot it ferskil meitsje. Troch dizze oerwinning komt Cambuur no op it 14e plak, mei 15 punten út 14 wedstriden.