Ynfal yn dealershûs Drachten

By in ynfal yn in hûs oan de Hooizolder yn Drachten hat de plysje freedtejûn twa dealers oppakt. De 50-jierrige bewenster en in 44-jierrige man út Ljouwert wurde fertocht fan dealen en it stellen fan fytsen. De plysje hie it hûs al langer op it each en hat foar de ynfal ferskate besikers fan de wenning kontolearre. Trije fan har hiene drugs kocht. De plysje fûn by de ynfal speed, himp, hannelsattributen, in slachwapen en jild. Ek stiene der ferskate fytsen dy't mooglik stellen binne.