'Mear dwaan mei lege gebouwen'

Ljouwert soe folle mear dwaan kinne om de problemen fan leechsteande gebouwen tsjin te gean. Dat seit foarsitter Dennis Mous fan de stichting Restruimte. Dy set him yn om ûnnedige leechstân tsjin te gean. Meiwurkers fan Restruimte hawwe de ôfrûne twa dagen it gebiet fan de Tesselschadestraat yn kaart brocht, dêr't sa'n 30 prosint fan de gebouwen leech stiet. Dat gebiet kin neffens Restruimte ûnder oare oantrekliker wurde troch minder ferkear. Op 2 desimber wurdt in rapport útbrocht fan dit ûndersyk, op de dei fan de romtlike kwaliteit.