Sakebeurs yn Harns iepene
Yn in grutte loads op yndustryterrein Oostpoort yn Harns is freedtemiddei troch âld-politikus Joop Atsma de Harlingen Business Exposure iepene. De sakebeurs duorret twa dagen en wurdt foar de earste kear organisearre.
Fiifenfyftich bedriuwen presintearje har yn stands en dat binne der mear as ferwachte wie. It sake-evenemint wurdt organisearre yn it ramt fan it fiifjierrich bestean fan de bedriuweferiening Oostpoort.