"Gau beslút oer Hearrenfean"

Erik ten Voorde © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De ûndernimmingsried fan SC Hearrenfean hopet takom wike mei in advys te kommen oer de ynfolling fan it 'one-tier board'. Dat betsjut trije útfierende en trije net-útfierende krêften en in ûnôfhinkelike foarsitter.
It is de taak fan de ûndernimmingsried om advys te jaan oan it stiftingsbestjoer. "Wij zitten nog midden in het proces, maar gaan snel en zorgvuldig te werk. Ons streven is om zo snel mogelijk met een advies te komen", seit foarsitter fan de ûndernimmingsried Erik ten Voorde.
Ofrûne moandei woe Hearrenfean it nije bestjoer al presintearje, mar dat waard tsjinhâlden troch de ûndernimmingsried. Sy woene mear betinktiid om ta in advys te kommen. Yn de ûndernimmingsried sitte op dit stuit trije minsken. Sy litte harren bystean troch in advysgroep. Dêryn sitte minsken fan alle ôfdielings binnen SC Hearrenfean.
Ynterim-direkteur Gaston Sporre sei tongersdei yn it tillevyzjeprogramma Bynt op Omrop Fryslân dat hy gjin foarstanner is fan in 'one-tier board'. Sporre is in foarstanner fan in direksje dy't bestiet út trije fulltimers.