Spuitfrije sône komt der
De gemeente De Fryske Marren regelet dat der in saneamde 'spuitfrije sône' komt by Aldemardum. Sa kin foarkaam wurde dat bewenners opnij lêst krije fan fergif dat brûkt wurdt by it ferbouwen fan leeljes. Dat seit wethâlder Bram Bonnema yn reaksje op de útstjoering fan Zembla fan tongersdeitejûn.
De útstjoering gie foar in grut part oer sûnensklachten fan bewenners fan Aldemardum. De gemeente wie begjin dit jier al op 'e hichte fan de klachten, mar hat der doe neat mei dien.
Paul van der Bijl, de leeljekweker út Creil is net skrokken fan de útstjoering fan Zembla fan tongersdeitejûn. De leeljekwekerij fan de boer yn kwestje kaam yn de útstjoering prominint foarby. De útstjoering gie foar in grut part oer de sûnensklachten fan bewenners fan Aldemardum. Van der Bijl hat de útstjoering sels ek sjoen. Hy kin him net hielendal fine yn de konklúzjes. De klachten oer de stowerij soe hy neat oan dwaan kinne. "Ik haw it waar net yn 'e hân", seit er. De bewenners fan Aldemardum seine dat it bestridingsmiddel mei de droege moude sa by de huzen en tunen kaam is.