Tredde ynbrekker ek oppakt

De plysje fertinkt in 24-jierrige Grinzer fan ynbraken yn Akkrum en Nes. Yn july dit jier waarden by Akkrum by in grutte sykaksje al twa manlju oppakt fanwege ynbraken. In tredde wist te ûntkommen. Dy is no troch de plysje oanhâlden.
De 24-jierrige Grinzer wurdt ek fertocht fan in oerfal op in supermerk yn Grins en in ynbraak yn in tankstasjon.