Debat oer melkfeesteapel

Kij yn 'e greide © ANP
De Twadde Keamer hâldt meikoarten in debat oer de groeiende melkfeesteapel yn Fryslân. Mei de ôfskaffing fan it molkkwotum yn 2015 ferwachtet ús provinsje in grutte taname fan it tal kij.
De SP, GrienLinks en de Partij voor de Dieren binne bang dat dêrmei ek problemen ûntstean mei de ferwurking fan alle dong. Neffens de Partij voor de Dieren moat in saneamde ,,koeienexplosie" foarkommen wurde.