Grut kleansortearsintrum iepen

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hat tongersdei yn Snits it nije kleansortearsintrum iepene fan it Leger des Heils. It kleansortearsintrum is in mienskiplik inisjatyf fan Leger des Heils, Omrin en Empatec yn gearwurking mei ferskate Fryske gemeenten. It nije kleansortearsintrum smyt sa'n 20 arbeidsplakken op. Dat kinne der op termyn noch mear wurde, as alle Friezen har klean yn de tekstylkontener smite.
Neffens Jacobi rint Fryslân foarop as it giet om it apart ynsammeljen en wer ferwurkjen fan tekstyl.
Jacobi sei de meiwurkers fan it sintrum ta dat se meikoarten in dei mei harren meirinne sil. De meiwurkers binne oer it generaal goed te sprekken oer harren nije wurkplak. Sy hawwe noch wol in winsk as it giet om guod dat se ferwurkje; dêr sit no noch geregeld glês yn en dat is net ûngefaarlik foar de meiwurkers. Sy wolle de minsken dêrom oproppe om foaral gjin glês yn de kleankontener te smiten.
Neffens de direksjes fan Leger des Heils, Omrin en Empatec sit der noch in soad groei yn it ferwurkjen fan healsliten klean. Sy ferwachtsje yn it Snitser sintrum sa'n 1,5 miljoen kilo klean te ferwurkjen, mar dat kin der op termyn noch folle mear wurde. Yn trochsneed kin sa'n 75% fan de klean dy't binnenkomt op 'e nij droegen wurde.