Tankpassen stellen yn Drachten

De plysje siket twa manlju dy't fertocht wurde fan it stellen fan tankpassen by ôffalferwurker Van Gansewinkel oan de Lier yn Drachten. By in ynbraak yn april waarden dêr meardere tankpassen meinaam, dêrmei is foar grutte bedragen tankt.
Yn july waard der wer ynbrutsen by Van Gansewinkel. Op bewakingsbylden is te sjen dat twa manlju de kasten trochsykje. De plysje hat in foto fan de fertochten op ynternet setten.