Fytser oanriden yn Ljouwert

By in oanriding yn de Langdeelstrjitte yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in frou ferwûne rekke. It slachtoffer waard op de fyts skept troch in buske. Se hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De bestjoerder fan it buske kaam mei de skrik frij.
Fanwege de oanriding waard de krusing mei de Holstmeerwei koarte tiid ôfsletten.