Cambuurfans yn 'limo' nei RKC

Cambuursupporters meie dochs mei in limûsine nei de wedstriid tsjin RKC Waalwijk. Foar de wedstryd op 7 desimber wie der in ferbod útfeardige op it ferfier fan fans yn buskes en limûsines. As reden wie opjûn dat passazjiers dan mei drank op yn it stadion komme soene. Cambuur hie beswier makke tsjin it ferbod.
Mei súkses, want de regeling is ynlutsen. Dat betsjut dat de Fryske fuotbalsupporters no ek mei in buske of limûsine - mei op syn meast njoggen persoanen - nei Waalwijk ta meie.