Fallisemint net ein De Skâns
It is tryst, it fallisemint, mar it betsjut seker net de ein fan De Skâns. Dat seit fraksjefoarsitter Sikke Marinus fan kolleezjepartij Opsterlands Belang. Tiisdei is it Gordykster kultureel sintrum troch de rjochter fallyt ferklearre. It stiftingsbestjoer fan De Skâns koe de ûntslachfergoeding oan de eardere direkteur net betelje en dêrop waard it fallisemint oanfrege.
De Skâns driuwt foar it grutste part op gemeentelike subsydzje; alle jierren fiif ton. De Skâns bliuwt iepen. B. en w. fan Opsterlân woene woansdei gjin kommentaar jaan.
It fallisemint moat neffens Marinus los sjoen wurde fan it stribjen nei in nij multyfunksjoneel sintrum yn kombinaasje mei twa skoallen. Utgongspunt fan belied is dat der in kultureel sintrum op De Gordyk bliuwt, sa seit Marinus.