150 âlderen mishannele

Ek yn Fryslân leit der noch hieltyd in grut taboe op: it mishanneljen fan âlderein. Dat is de ûnderfining fan helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân. It ôfrûne jier kamen der 150 meldings fan âlderenmishanneling binnen. 'Ik lit myn âlde dei net bedjerre': Under dy namme hâldt Fier Fryslân sûnt maaie dit jier in kampanje tsjin âldereinmishanneling.
It giet om in earnstich probleem: alle jierren is op syn minst ien op de tweintich âlderen slachtoffer fan mishanneling.
De goed 150 meldings fan mishanneling by Fier Fryslân soene mar it topke fan de iisberch wêze, want in soad âlderen doare der net iens oer te praten.