MCL/De Friesland yn petear

Der is noch hieltyd gjin wissichheid oft it MCL nije operaasjekeamers en in útwreiding fan it hertsintrum realisearje kin. Petearen mei soarchfersekerder De Friesland hawwe noch net laat ta in nij kontrakt; der binne mieningsferskillen op bestjoerlik nivo. It MCL wol ynvestearje yn nijbou foar tsientallen miljoenen.
Dêrfoar binne wol finansjele garânsjes nedich fan in grutte soarchfersekerder as De Friesland. Mei de sikehuzen fan Drachten, Snits en Dokkum hat de soarchfersekerder wol in kontrakt sletten, sa waard tiisdeitemoarn bekend.